Rûnreis Noard-Jeropa 2017

Yn de simmer fan 2017 bin ik tegearre mei in kameraad, beide yn ús âlde Volvo’s, Noard-Jeropa rûn reizge. Rûchwei 9000km troch njoggen lannen yn trije wike tiid. It wie in hiele reis mei hiel wat aventoeren. Hjirneist kinsto de rûte sjen op de kaart en hjirûnder stiet in foto album mei de hichte punten dy’t op dit webloch thús passe.

Fansels falt der in soart te fertellen en sjen te litten oer sa’n reis en de aventoeren dy’t dêr út foar komme en faaks sil ik letter oare berjochten pleatse oer de ferskate aventoeren fan dizze reis.

Op de kaart stiet 6000km, dat is in rûge rûte, wy binne hjir fansels in soart fan ôfwykt om op de moaie plakjes te kommen. Wy hawwe sa min mooglik snelwei riden. De foto’s binne ek net de bêste kwaliteit, se binne sketten mei in telefoan kamera fan 10 jier âld dy’t doe ek al net it bêste model wie.

Lit in reaksje efter

Back To Top